De bjusterbaarlike aventoeren fan Jan Bok

20-01-2020

Murd

Bûten wie it tsjuster en troch de feale gerdinen fan Jan Bok syn slytske wâldhúske wie krekt te sjen hoe't hy siet te rubbernekken foar de telefyzje. Hy hie de hiele dei oan de beun west by âlde Greidanus, in grouwe boer yn 'e mieden. Jan pankoeket in protte by âlde Greidanus om. Hy rêde mei in protte fan it ûnderhâld wat sa'n âld pleats freget. Yn ruil derfoar mocht Jan jage op de fjilden fan Greidanus. In knappe twahûndert bunder hie Greidanus. Jage sit Jan slim yn 't bloed. Ja, jage en jonge Bols.

Jan hie de hiele dei yn it stik ûnlân, dat oan de râne fan Greidanes syn fjilden lei, omslein. In stik smotswiete reidpôle mei wat skriele boskjebrut. Mar foaral fan dy ferrekte kut toarnbeien. Jan siet Reinaard efter de sturt oan. Dy smoarige foks hie by Greidanus en by Kees Mozes al raar yn 'e hinnen omslein. En as de hintsjes fan Kees Mozes yn gefaar binne, dan âlet hy slimmer as in baarch by it slachthûs. Dat der siet neat oars op; Jan moast mei it hûntsje dy fize deade toarnbeien yn.

Nei in drege middei yn dy rûchte om te griemen, wie Jan fan foar nei efter skansearre en bekrast. Syn humeur noch minder as de steat fan syn overal. En syn hûntsje like wol in kaktus, sa'n stikels hy dy yn 'e hûd. Germ, it hûntsje, koe it neat skille. Mar Jan......Jan flokte fan út it djipste fan syn siel. Ik bin oars net sa skruten, mar wat Jan allegearre sei, kin ik hjir echt net opskriuwe. It gie neet. It gie sa neet dat ik ferwachte dat de duvel sels út de grûn barste soe om Jan oant dimmenens te moanjen. Sûnder foks rûn Jan wer nei hûs ta. En dat wie him striemin nei it sin.

Jûns neidat Jan in mânske panne borgers nei binnen mitsele hie en hy folslein takocht yn syn briedstoel plofte, fandele hy in flesse Bols út it boekekratsje dat neist him stie en geat him in romer fol yn. Jan wie slim slûch en sukkele wat yn en út de sliep foar de telefyzje.

Mei in skok wurde Jan Bok wekker. Út it hok kaam in ûnfoech stik leven. It like wol oarloch. Jan spatte oerein, skeat yn syn sloffen en fleach nei it hok ta. Yn 't tsjuster koe hy kwealik sjen wat dêr allegearre barde by him yn 't hinne hok. Hy seach yn in flits in lange sturt foarby sjitten . "Gotver! Dy kutfoks sit hjir by my yn 'e hinnen!!" Jan Bok betocht him net, spearde nei de klûs en wraamde syn gewear. Jan wie sa ferskuorrende hellich dat hy, yn it tsjuster, it pikehok ynskeat mei syn gewear. "Ik sil dy kroandea sjitte, smoarge deade kutfoks!" raasde Jan. Nei in patroan as tsien fersketten te hawwen, wie it stil yn it hok.

Mei de hân fandele Jan nei de ljochtknop. Hy flikte it ljocht oan en gong nei it pikehok ta. It wie in slachfjild. In protsje deade piken, grutte gatten yn 't gaas, de doar oan flarden sketten en lytse strieltsjes wetter miigden út de wetterbak fan de piken. Mar gjin Reinaard.

Jan Bok soe it pikehok ynstappe om de sneuvele hinnen op te romjen doe't dêr in satan fan in murd ûnder in deade hin weisette. It bist blaasde en size as in lilk Westerener wiif yn 'e minne wike. Dy besestere murd naam in oanrin en soe mei in tsjokke sprong Jan Bok te liif. Jan hie gjin patroanen mear op it gewear, betocht him net en helle sûntsjes út mei de kolf fan syn gewear. De murd fleach yn in bôge troch it pikehok en foel yn 'e bikstonne fan de piken. Om wis te wêzen blaasde Jan der dochs noch mar even in schot hagel troch. Jan loerde yn de tonne en dêr lei in protsje rôze prut dat nyskes noch in murd wie. It sturtsje wie noch wol hiel. Jan hat it sturtsje oan 'e skou spikere as omtinken oan dizze nachtlike escapade. De foks moast hy nochris efter de sturt oan mar dizze murd komt grif net wer.

Fryske Filosoof © Alle rechten voorbehouden 2019
Mogelijk gemaakt door Webnode
Maak een gratis website. Deze website werd gemaakt met Webnode. Maak jouw eigen website vandaag nog gratis! Begin