De bjusterbaarlike aventoeren fan Jan Bok

Verse muntthee
Dat de tiid gauwer hinnegiet dan dat Jan Bok dat byhâlde kin is gjin geheim. Nee, jo kinne Jan fan fan alles betichtsje mar neimoaderich is hy net. Jan hat neat mei de "vaart der volkeren". Wat goed is moat goed bliuwe, seit Jan altyd.
Weemoedich kin hy ta it rút fan syn wâldhúske út stare en yn omtinken yn 'e skiere loften omswalke. Dan tinkt hy oan hoecht hy as jonge troch de lannen spoeke. Oan hoecht hy troch de reiden krûpte en de guozze-aaien snipte. En dat er yn 'e hyte simmers by it fiskjen sels ek mar efkes yn 'e plomp dûkte. Hiele dagen wie hy op paad mei de pols en dan mei de klean fol blauwe drek wer by mem komme. Hy hie him as jonge altyd sa frij fielt, lykas de earrebarren heech yn 'e loft.
Mar tiden bliuwe net gelyk en dêr koe Jan min oer. Foar minsken lykas Jan dy't fan flak nei de oarloch binne, is hast net foar te stellen hokker feroaring sy meimakke hawwe. Doe't sy lyts widen, wie der miskien ien auto yn 't doarp. Doe kamen radio, telefoan, telefyzje, video-spylers, computers en minsken op 'e moanne. It is foar ús generaasje hast net yn te tinken hoe slim oft de wrâld fan ús pakes en beppes feroare is.
Op in sneon siet Jan Bok oan de bar yn syn stamcafé en nipte deftich fan syn jonge Bols. Hy hie de moarns betiid yn 'e flet sitten want it is iepen tiid foar de eintsjes en dan sit Jan altyd voor het krieken van de dag yn 't fjild. Foardat de sinne opkomt moatte jo de lokkers yn 't wetter lizzen hawwe, sjoch. Dat, no is Jan wat sloech en hy hâld efkes in meditatyf skoftsje stiltme.
Oan in taffeltsje yn
'e hoeke sitte in pear jongkeardels fan in jier as tweintich. Jan
sloech dêr alhiel gjin acht op mar doe frege ien fan dy knapen, ja stjerrende wier, om in "verse muntthee". Dat wie genôch om
Jan út syn omtinken te krijen. Hy draaide him de holle om en naam
dat nuvere selskip es efkes wiidweidich yn him op. "Heeft u
misschien ook een vegetarische bittergarnituur?" frege ien fan dy suertsjes oan de kastelijn. Doe koe Jan him net mear ynhâlde; "Moast
der ek wat te breidzjen by hawwe jonge?" De knapen seagen Jan oan
lykas skiep op it spoar nei in oankommende trein.
"Wat bedoeld u?" sei ien fan dy slopankelige trutsjes. "No, dat sil ik dy es efkes presiis útlizze jonkje". "Datst do ús prachtige memmetaal net prate wolst, erget my sa bot dat ik myn hier wol út skoarre kin. Dêrby, wat keardel drinkt no "verse muntthee? De ballen lûke my súver werom at ik dy dat sizzen hear." "Nou, nou, meneertje. U bent wel erg frusty, of niet?" "Ja, dat sil wol. Mar Ik sjoch it wol, jim hawwe it te goed. Jimme komme de dei troch mei wat sojamolke en fan dy goare smoofie rommel. Hast wolris in dei echt wurk dien fentsje? Soks wurk dat jo jouns foar dea yn 'e stoel hingje en neat mear kinne? Hast wolris eat makke, eat dien wer 't minsken om dy hinne wat oan hawwe?" "Ik weet niet wat u daar allemaal prevelt, maar ik ben industrial designer." "Dat is moai fentsje, at it wer ris oarloch wurd, moatte wy keardels hawwe om de brut hjir wer op te bouwen. Wat sil sa 'n wiete krante as dy dan besette? Ach, lit ek mar. Do silst nearne begripe wat ik sizze wol. Genietsje mar lekker fan dyn tee."
Jan docht de jas oan en giet op hûs oan. "Gatverdamme'', tinkt Jan by himself. "Verse muntthee. vegetarische bittergarnituur. It is net bêst. Wêr binne de keardels bleaun? Bonkige keardels mei gesichten fan seemlear en knûsten as Sweedske tangen". Minsken mei in ferhaal, minsken dy't ferdomme ris mei de poaten yn 'e klaai stien hawwe. Sy hawwe gjin woartel, gjin siel."
Jan plofte yn syn briedstoel en seach troch it rút nei de grauwe loft. Hy betsjinne himsels fan in romer fol Bols en liet syn geastlike kwellingen mei de wolken mei driuwe. "Verse muntthee" tocht Jan. "Jouw my mar jonge Bols, ha! Vitamine B!"