De bjusterbaarlike aventoeren fan Jan Bok

Koekoek!
Jan siet, sa as Kees Mozes it altyd seit: "op in trochdewykse woansdei", fiis betiid yn 'e skou. Hy dobbere yn 'e reiden fan it smotsgat oan 'e ein fan de lange ikker fan Greidanus syn fjild. De feale sinne die syn best om troch de taaie flarden dizenige stodamp te brekken. It wie yn 't betide foarjier, en wylst it oerdei al suver noflik wurde, biet de kjeld Jan moarns noch skerp yn 't antlit.
De stiltme wie gryslik en Jan syn prangjende omtinken wie inkeld wat de leechte fersteure. Stil glide in span swannen oer Jan Bok hinne, harren skaat gisele oere de fjilden as in swarte skym en loste fier fuort op yn 'e hoarizon. Op mominten lykas dizze koe Jan wol janke. As hy der poer like allinnich de 'majestueuze grandeur' fan de skepping oanskôge, sels soe hy sizze: "wol moai", brânden de hjitte triennen him efter de eagen. It gelok skroeide him dan troch de ieren en syn siel balte út it djipst fan Jan syn wezen: "Ik libje! Godferdomme, ik libje!"
De wyn helle wat oan en hiel kalm klotste it wetter tsjin de kant fan Jan syn skou. Gerke, it hûntsje, lei te riljen op syn kleedsje. Mei syn brune kraaleachjes seach hy Jan oan, sa fan: "sille wy net ris nei hûs jonkje?" Jan sloech der gjin acht op. Jan hie ûntheffing foar de pauguozzen en dêr soe en moast hy in span fan ha.
De sinne geat syn earste strielen oer it yn en yn swarte wetter en jan siet fol fjoer te wachtsjen. "Dit liket goed. Gerke. De wyn stiet goed, it is krekt of sprekt de natuer my ta, sa fan: bist der klear foar?"
Koekoek! "Jezus, krekt as ik even in teologyske útspatting haw moat san kloate fûgel it wer ferballe". Jan seach om him hinne om út te finen wer oft dy fûgel him ophâlde. En grif foelen Jan syn jagerseagen op in griis plokje fearren dat yn in omfallen elzebeam him mei syn lytse swarte eachjes oanloerde. Jan hie nearne in Koekút fan sa ticht by besjoen. En in Koekút hat ek noch nea in Jan Bok fan sa ticht by besjoen.
Jan wie besestere troch de perfekte skutkleuren fan de fûgel en betocht him dat it kenmerk fan in ûnmjitlik grut ferstân yn alle fasetten fan de skepping te ûntdekken foel. Dat yn de fynste slaggen fan it lytste flinterke de titanyske krêften dy't it hielal bestjoere te lêzen binne. En dat dizze fûgel sa ûnbeskriuwber moai yn gearwurking wie mei de natuer.
Koekoek! Wer ferbruts de fûgel Jan syn omtinken. Jan bleaun, no gedachteleas, sa noch efkes in skoftsje sjen nei de Koekút. De lêste fegen fan wolken losten op en de sinne wie no al syn twivel ferlern. It waarme ljocht ferjage de lêste kjeld. In magyske dûns fan skaad en ljocht waard yn 't wetter spegele en de risseljende blêden fan de beam waarden yn it ljocht krekt dûnsjende feeën mei hel griene jurkjes oan. Jan koe bytiden wol fersûpe yn it serene en fredige fan dizze mominten.
Bats! De koekút foel kroandea yn 't wetter. Jan siet der mei syn rikjende gewear en seach Gerke oan. "Ja Jonkje, allegear hiel moai mar in Koekút haw ik nearne sketten. Dat dy kin no ek op it listje." Gerke plofte trou it wetter yn en helle de Koekút op. Jan fandele de fûgel by Gerke út de bek en holp it hûntsje wer yn 'e skou. "Moai dien baas, wy hâlde ek mar op. Dit is in moai oantinken."
Jan luts it âlde motorke wer oan en sa foeren sy wer op hûs oan. De Koekút stiet in wike letter by Jan op 'e skou. Moai opset troch de preparateur. Gerke plofte op syn matte en Jan yn syn briedstoel. Jan Bok geat him in romer fol Jonge Bols yn. Hy hifke syn romer nei de Koekút: "tsjoch, no bist do it bokje. Miskien is it mien beurt oare kear."