De bjusterbaarlike aventoeren fan Jan Bok

23-03-2020

Wipke


Woansdei jun, maitiid 1999. Jan bok wie op 'e brommer in eintsje om. Hy hie it angeltsje mei en hy peutere wat in de poldersleatten om by de Veenhoop. It waar wie te moai en it sin te goed. It woe foar gjin meter byte. Jan beslute efkes oan te stekken by it kafee by de brêge. "Itselde resept?" frege de kastlein. Jan knikte. De kastlein geat him in iiskâlde kletser yn en brocht him Jan op it terras. "Haaa, lekker jong, dêr sil ik mei rêde". Hy liet him it stienkâlde bier goed smeitsje.

Weromreis trof hy in smûk plakje tsjin de boskrâne oan. In bankje yn de gaadlike sinne strielen. De loft like wol in akwarel, sa mastereftich widen de giele en reade flearen tsjin de blauwe foarjiersloft strutsen. Mei weagjende slagen fleach der in grutte wite reager oer.

Jan Bok siet noflik de jûn even yn him op te nimmen, doe 't der in froutsje op 'e fyts oankaam. Sy stoppe ek by it bankje, stapte ôf en die har simmerjaske út. Mei in nonsjalante swier hong sy it jaske oer it stjoer fan har fyts. Sy sil in jier as 60 west ha. Dat like Jan yn elk gefal sa ta. "Kreas dinkje" tocht Jan. In ûndogensk wyntsje boarte my har tinne jurkje en luts it yn in flaach efkes strak om har liif. Sy wie noch moai slank. En doe 't sy op Jan takaam like it wol as sweefde sy oer de grûn, sa sierlik wie har pas. Har mânske boarsten dûnsen ritmysk hin en wer en hiene Jan hielendal yn 'e besnijing.

"Goeie" Har stim klonk sêft en fleurich. Jan koe har no ek rûke. Sy rûkte nei fanylje en ien oft oare blom. "Mei ik hjir wol even by jo sitte? Ik stop hjir wolris faker om efkes fan de sinne te genietsjen. Mar dat kin ek wol mei syn beiden, net?"

"Jawis" sei Jan. "Plak genôch". "Wat is 't hjir moai net?" sei sy. "Ja, krekt echt" sei Jan. "Ik mis allinnich noch wat te drinken by it gehiel. Mar dat treft, ik haw noch presys twa kâlde bierkes yn 'e tas. Kin ik jo ek ien oanbiede?" "Gjin gejo hear. Sis mar Elske." "Bier Elske?" frege Jan mei in gniis. "Ik wol jo net fan jo lekkers ôfhâlde" sei Elske. "Sis mar Jan. En ik haw twa. It smakket better as jo it diele". "No Jan, dan nim ik graach ien fan dy ôf".

Jan fandele de bierkes út syn tas en joech Elske ien oer. Syn eagen troffen dy fan Elske yn in flechtich momint. Har reade hier hong yn prachtich weagjende lokken oer har skouders. En har eagen kleurden sa grien as it prilst foariersgers. "Hjir, lekker opdrinke" sei Jan Bok. Elske krige it bierke fan Jan oan. Har sêfte hân rekke Jan sinent efkes oan. It hyte fjoer kletste him troch de lear. "Wat in frommes" tocht Jan, "De leuter slacht my yn 'e broek om as in rutewisker. No efkes trochpakke jong, dit moat wêze".

"Wol dyn feint net mei dy mei te fytsen?" sei Jan. "Ik haw gjin man". "Hoe soe dat no? Sa 'n kreaze frou? Do hast my foar de gek". "Wier" sei Elske. "Ik bin lang ferlyn skieden. En ik bin gewoan net wer ien tsjin kaam". "Ja, sa kin 't ek rinne fansels. Myn frou is al tweintich jier wei". It wie efkes stil doe 't sy beiden de hoarizon yn harren opnommen. "Tsjoch". "Tsjoch Jan".

"Ik sit sa es efkes te tinken" sei Jan. " Do bist allinnich, ik bin allinnich. It is prachtich waar. En it gers is moai twa kontsjes heech. Wat let ús en meitsje in lekker wipke". "Nou jaaaaa!!! Wat bist do foar healewize. Wat tinkst do dat ik foar frou bin! Dat seist dochs net?" "Ikke wol, kin my neat ferrekke. En dan? Woest sizze datst net woest dat dy dat wat mear frege wurdt? Lit wy earlik wêze, wannear kinst sa ris út de bân springe? Wannear hat in man dy foar it lêst ferteld dat hy sljocht as in bolle wurdt fan dyn moaie liif. Dat dyn geur allinnich al him it bloed it krús yn jaget? Dat de gleone langstme him troch de ieren brând foar dy en dy allinnich? no? no?" Elske waard fjoerread om 'e holle. "No....euhh. Ja...euhh......nou dat hear ik net faak nee....". 'Ik sjoch it oan dy Elske, dyn hert slacht mei tsjokke slagen yn dyn boarst. Do wurdst hjit en it fljocht dy op en ôf. Sis net datst no net stikem dy oerjaan wolst oan it libben, oan wat aventoer. It libben is fierstente koart om nea ris wat te belibjen. Stjerre sûnder ris wat geks te dwaan, sûnder ris dy oer te jaan oan de twirringen fan it lot, is gelyk oan hielendal gjin leven hân te hawwen." sei Jan.

Elske wie stil en seach Jan hiel prangjend oan. Har wangen waarden reader en reader. Lytse peareltsjes swit ferskynden op har foarholle. Dizze frjemdling, dizze wyldfrjemde man, brocht Elke kompleet yn ferfiering. Har liif raasde nei har ferstân; Jouw dy oer!! In gleie hjitte brânde tusken har billen. In wylde jokte dy 't sy yn jierren net fernôm hie. It hiele idee dat in man har op sa in bistlike wize begearde, ûntstuts in har in rauwe lust dy 't har ferstân ferskuorde en har alhiel oerspielde.

Har hannen gongen triljend nei de knoopkes fan har jurkje ta. Sy makke de knoopkes ien foar ien los en sy liet de tinne stof fan har skouders glide. Har prachtige folle boarsten liken wol troch Michaelangelo sels boetsearre. Har búk wie noch noch moai plat en har fel wie wyt as rjemme. "Jan........"Heas tommele Jan syn namme fan har lippen. Jan, lei syn hân op it bleate fel fan har knibbel. It bloed jage har troch it liif. Elske gie stean en rûn foar Jan út de greide yn. Sy flijde har yn it gers en Jan hat har befrijde fan it gleone jachtsjen wat har befangen hie..........twa kear sels, stjerrende wier.

Jan kin gjin frou om him hinne ha. Mar Elske treft hy frij regelmjittich en dan fiere sy it libben en de jeugdige útspattingen fan de liiflike langstme.


Share