De bjusterbaarlike aventoeren fan Jan Bok

Helmke
Yn it tsjuster fan in dizige sneontemoarn earne yn 'e hjerstmis, stjoerde Jan Bok syn âld buske oer de smelle dykjes fan de polder. Hy wie op wei nei syn jachtfjild om efkes in moarn op 'e guozzen te sitten. Gerke, it hûntsje lei neist him op it bankje fan it buske. Hy seach net op of om fan al dy bochten yn it smelle paad nei Greidanus ta. It hûntsje hy it paad ek al wit ik hoe faak del west, dat it koe him net út syn loai knipperke krije.
Oan 'e ein fan de langste ikker efter Greidanus syn pleats leit in wetterke mei ûndjip, swart wetter. Dêr hy Jan in skouke yn lizzen. Betûft stapte Jan yn de skou mei tas en gewear en Gerke hipte al lyke eigenwiis it skouke yn. Mei de kloet stjoerde Jan it skouke oer it ûndjippe wetter nei de tichte reidkragen ta dy't it wetterke omearmen. De dampe, moassige mufte buorrele út it swarte wetter omheech by elke haal fan de kloet. De kliemske jarre wêr 't de proleten foarhinne turf fan stutsen, bleaun oan Jan syn kloet hingjen as 'staatsschuld aan een eerzame burger'. Jan en Gerke driuwden no sa oer dy ellende hinne, wylst dy ferflokte klyn in moai protsje bonkige keardels lytsman makke hat. Hja stiene oan 't middel ta yn dy prut, en mar skeppe. Tolve oan 't fiertjen oeren deis.
In readgiele gloede waakse stadich oer de hoarizon. Tsjin it skriele ljocht seach Jan de earste silhûetten fan in keppel guozzen op him ta fleanen. Moai smûk tusken de reiden yn koe Jan de ynkommende guozzen goed sjen en as sy dan delstrutsen op de lokkers betûft even in pear snippe mei it gewear. Gerke seach him fol ferwachting oan. "Nee jonkje, It is noch te betiid. Ik mei noch net sjitte." Sleau fleagen de guozzen oer, net wittende dat sy krekt de dea foarby fleagen. Jan geat him efkes in smaaksum bakje leut yn. "It swarte goud, Gerke. Op sa 'n súterige moarn krekt of miigt dy in engeltsje yn de bek!" Bearde Jan. Stil sieten sy dêr tegearre yn de stiltme fan de moarn. Yn de fierte klonk it gekeakel fan in fazant, sachtjes klotste it wetter tsjin de skou en Gerke liet in skeet.
Doe wy it offisjeel; It wie in heal oere foar opgeande sinne en doe mocht Jan sjitte. Der fleach fan alles: Protters, ielguozzen, swannen, wikels, ljippen en in stikmannich guozzen fansels. De fûgels wiene talryk lykas as net neikommen beloften fan politisy, in berch......in heule berch. Dêr kom in kloek span Grauwe guozzen oer en Jan skeat se alle twa út de loft. De foarste wie kroandea en plofte as in stien op'e grûn. Mar die twadde............ die sylde in hiel ein fuort. Jan siet fan út syn skou te sjen hoecht dy goes hieltyd fierder en fierder sakke, en doe waard Jan ynienen kjel; In hurdfytser op it smelle paad! En It wie krekt of stie Jan nei in slowmotion film te sjen. De hurdfytser wie him nearne fan bewust, lei plat as in strykizer oer syn stjoer en hie de gong der knap deftich yn. En dêr kaam dy goes delsigen, fol by dy hurdfytser foar de harsens. Jan koe de doffe klap alhiel yn 'e skou hearre. Dy keardel sloech as yn wyldeman om him hinne, rekke mei syn tsjil yn de smotsige berm en makke in salto mortale sa de dreksleat yn. Mei in yslike gjalp plofte dy knaap yn it wetter.
"Gotver, as dy keardel no mar net bûten westen is." Tocht Jan. Hy treaun de skou sa fluch as hy koe nei de wâl, stowde de skou út en gie sa hurd as syn âlde bonken him drage koene nei dy hurdfytser ta. De beste man lei ûnderwylst al as in fersûpte kat op 'e wâl. "Hoe is 't, heite?", Sei Jan. "Hoe is 't? Hoe is 't? Ik krige hjir die smoarge goes foar de bek dy ast do bryk skeaten hast, grouwe dweil!" "Ik haw my altyd al ôffrege werom oft jimme hurdfytsers sa in nuver helmke op hawwe, mar no snap ik wol wêrom....." Jan koe it gnyskjen hast net ynhâlde. "Stiest my hjir no ek noch út te laitsjen, grutte lul dy ast der bist! Do bist net heal fertroud mei in gewear do senile âlde bok! Dikke griemer!" Doe koe Jan it echt net mear ynhâlde. Jan moast sa bot laitsje dat hy hast net mear sykhelje koe. De hurdfytser plofte sawat út syn fel, sa gryslike doem wie dy man. Syn kop waard like read as in fakbûnsmeiwurker en hy stie mei it skom op 'e bek Jan foar fan alles en noch wat út te meitsjen. "Toe juh, aanst knypt dat dom helmke dy grouwe opsette kop fan dy noch ôf!" Koe Jan noch krekt útprúste. "Ik belje de plysje!" pipe de hurdfytser op in slopankelich heech toantsje. "En moat de plysje dy goes dan in print jaan foar roekeleas fleangedrach?" Jan bemiigde himsels hast, sa moast hy gnize. "Sorry hear, dat wy in ynkopperke!" Jan bleuan der hast yn, sa bot moast hy laitsje. "De hurdfytser wâlde my bombidige passen nei syn fyts ta en fandele it ding út de sleat. "Do bist hjir noch net ôf, bliksem!" De fytser sprong mei in bytsje in nuver ferwyfd hipke wer op de fyts en gong der fan troch. Jan stie him noch efkes nei te sjen en koe him noch in hiel ein tjirjen hearre. Hy hie de triennen noch yn de eagen fan it gnysken. "Wat in bysûnder portret." Sei Jan tsjin himsels.
Jan fandele de kamikaze goes út de sleatswâl. Dy wy nei dat bjusterbaarlike intermezzo mei dy hurdfytser no ek kroandea. Jan naam de goes mei nei syn buske en helle de oare goes, syn tas en syn gewear op út it skouke. Gerke sjoude no moai mei him mei nei de bus en plofte op it bankje. "Wy gean nei hûs heite. Moaier dan dit wurdt it hjoed net." Jan seach syn hûntsje oan en sei: "Hjir moast ien in moai ferhaal oer skriuwe, heite. Stjerrende wier, lang lien dat ik sa lake ha!"