De bjusterbaarlike aventoeren fan Jan Bok

02-03-2021

Licht hert


"Kin ik noch ris mei dy mei Jan? Ik soe noch sa graach ris in kear in pear snippen sjitte." "Wadse, dat mei net mear, dat haw ik al sa faak sein. Boppedat bist sa wrak as in âld stobbe. It is net heal fertroud datst do noch it fjild yngiest." "Jaja, tuurlik, wrak as in stobbe....goddomme Jan."sei Wadse. Wadse syn blik foel foar in momint yn dy fan Jan. En ynienen seach Jan in fertriet yn dy eagen fan Wadse dat Jan as in hjit knyft yn de siel stuts. Wadse syn frommele gesicht koe in ferhaal fertelle sûnder dat hy ien wurd spruts. En it fertelde no in ferhaal fan in man dy 't mei it âld wurden ek it weifallen fan de minsken wêr oft hy fan hâlde ferkropje moast. Wadse hie eins net ien mear. Hy hie noch in soan. Dy wenne yn Kanada. Wadse wy gryslike grutsk op syn jonge. Mar ja, Kanada. Dat is no net om 'e doar. It waard Jan dúdlik dat Wadse de man net wie om him op te dringen of op in oare wize syn gefoel sjen te litten.

"Wadse, wêrom wolst do noch ris mei? Do hast no sa faak te jeien west, is it net gewoan in kear klear?" "Klear? Wat is klear? Wannear is in minske klear? Mei wat dan ek? Dat is presys dy kwaal dy 't it neimoaderige libjen de minsken tadien hat. Dat simpele idee dat jo earne oankomme moatte, dat jo eat folbringe moatte om slagge te wêzen. In man dy 't in gewoan libben hân hat, de minsken nei eare en gewisse behannele hat en mei in licht hert dizze wrâld en de liiflike keatlings dêrfan ôfsmite kin is yn myn eagen in kening." Jan wie suver efkes ûntdien troch dit filosofyske ûntjaan fan Wadse. "Myn tiid sit der hast op Jan, ik bin fjouwerentachtich. Ik haw net lang mear op dizze wrâld. It jeien hat my altyd fiele litten dat ik fan dizze ierde bin. Dat ik diel bin fan it ivich op en del gean fan it libben en dea. Dat ek ik, lykas alle bisten, in ein haw. En ik fiel dat de dea al oan de losse stikjes fan myn wêzen sit te klauwen. Gewoan nochris tsjin de hikke sitte mei de sinne op myn gesicht en it risseljen fan de beammen yn de earen. Nochris in skot weagje op in snip, ik kin dat net misse Jan."

Jan naam in slok fan syn bols, kuchte in kear betinklik en sei tsjin Wadse: "Moarn seis oere by de wei stean. Do witst watst meinimme moast. En no dizze kear dy âlde lead hagel thús litte, dat mei ek net mear. Wy sjitte no mei stiel." Wadse syn yltige knûst plofte by Jan op it skouder. " Moai Jan, tige..." De beide keardels tikken har romers efteroer en setten ôf nei hûs.

De oare deis betiid stoppe it âld buske fan Jan by Wadse foar de doar. Yn it skimer kaam de âld man as in kromme skelm op it buske ta stroffeljen. Wadse smiet syn tas en gewear efter yn it buske en plofte op it bankje foaryn. Gerke, it hûntsje tusken de fuotten. Dat koe allegearre krekt mei dy bombidige skerjontsjes fan Wadse. It buske slingere oer it polderdykje nei de pleats fan Greidanus ta en ûnderwylst rolle Wadse in tsjokke staaf Van Nelle yn it papier. Hy dy ien haal en de rûten fan de bus stiene fuort bol fan de reek. Sels it hûntsje rochele in kear mei in astmatysk fluitsje.

"Do giest dêr mar yn de daam sitten Wadse, dêr kinst moai tsjin de hikke sitte, mei goed sicht op it wetter. Ik gean mei de skou yn de reiden lizzen." Wadse knoffele op syn klompen nei de daam en teneate yn it tsjuster. Jan hipte yn de skou en Gerke gie op it puntsje sitten. It wie in moaie sêfte moarn en de wyldsang tinkele oer it flakke wetter. De reiden weachen stadich hin en wer mei de wyn en de blêden oan de popels risselen dat it in lust wie.

It wie rêstich mei de guozzen en Jan krige eins net in goeie kâns. It wie by Wadse ek stil. De flearen damp fan Jan syn kofje twirren yn de loft en in kloft moskjes gisele om it skouke. In oere as tsien hinne hie Jan syn nocht en treaun it skouke wer nei de wâl. Hy hipte út de skou en knope betûft it tou oan in âld stekpeal. Hy brocht syn gewear en syn tas nei it buske en rûn doe nei âlde Wadse ta. Wadse siet mei de rêch nei Jan ta. De reek fan in tabakje yn fine flearen om him hinne. "Giest mei Wadse, ik haw myn nocht. It is te rêstich foar de guozzen. Wadse! Hé, dôve, wy geane!" Wadse joech gjin lûd. "Goddomme, aanst sit dy âlde my hjir dea yn it lân." Jan stapte oer de hikke en wat hy suver krekt tocht wie bart. Wadse siet dêr mei it sjekje noch yn 'e hân. Syn holle hong foardel en hy hie in bleke kleur. "Och Wadse jonge...." Wadse siet dêr moai noflik yn it sintsje en wie in alle frijdom en mei in licht hert hinnegien. Jan gie neist Wadse yn it lange gers sitten, fandele syn tabakspûde út syn jas en rolle dêr in tsjokke sigaret fan. Hy naam in ferme haal en sei: "Do hast in moaie dei útsocht jonge, in hiele moaie dei."

Fryske Filosoof © Alle rechten voorbehouden 2019
Mogelijk gemaakt door Webnode
Maak een gratis website. Deze website werd gemaakt met Webnode. Maak jouw eigen website vandaag nog gratis! Begin