De Bjusterbaarlike Aventoeren Fan Jan Bok

27-07-2023

De K

Jan Bok hie mei âlde Greidanus syn broer Teun ôfpraat by de daam fan syn jachtfjild. Teun wie ek in wier fjild man. Lykas âlde Greidanus hie Teun ek in pleats mei in moaie flut bunders lân derby. Dêr jage en fiske hy in berch. Mar no soenen sy beide even by Jan mei it skouke op it smotsgat lizzen en der de earste skiere guozzen fan it seizoen opstrike. Jan, sels ek al net sa fluch mear, holp Teun yn de skou en treaun it fan de wâl. By elke haal fan de kloet, buorrele de azem fan de swarte brol op de boaiem ta it blakke wetter út. Der wie in lyts ynhamke wer oft Jan it skouke altiten hinnen skode en der gongen sy hjoed ek lizze. Jan bûn it skouke fêst oan in stekpeal dy't hy der delslein hie. Teun fandele út syn leger pukkel in miezelige termoskanne en twa hiele moaie porsleinen kopkes mei in gouden rantsje. Ek noch twa skoatteltsjes. "Hearkes Teun, wat is dit? Wy binne dochs gjin hearejagers? Begjinst aanst ek noch Hollânsk te praten tink, " sei Jan. "Jan, moast ris efkes goud nei my harkje snotbongel. Myn heit hat my altyd meijûn dat niks wêze slim is, mar sels net iens wat lykje noch folle slimmer, " sei Teun. "Snotbongel? Ik bin hjir gatfer santich jier!" De mannen bolderen fan it laitsjen.

Hja sieten der skoan en de sinne wie no yn it gehiel boppe de hoarizon. It wie sa'n dei dy't sa noflik begong ûnder begelieding fan de wyldsang, en wêr oft de hiele natuer in bepaalde fleur útstriele. Dochs koe Jan him net ûntlûke oan in wisse treurichheid dy't út Teun syn hâlden spruts. Hy like Jan ek meager ta. "Teun baas, dêr is wat mei dy te rêden mar ik kin it net pleatse." Teun waard suver griis yn it gesicht. Teun naam in slok fan syn kofje en spriek mei sêfte stim: "Ik bin siik Jan." Teun syn wurden fielden as kanonskotten troch de stiltme. It wie út alles wol dúdlik dat it gjin grypke wie. "Ik haw de K, " spriek Teun. Minsken hiene sa'n eangst foar kanker dat men dan mysterieus de K sei, oft "de ferkearde kwaal." "Ik haw it der net sa bot oer, soks hingje jo net oan de grutte klok." Jan wist net wat der sizze koe of moast. "De K en ik haw net lang mear, maand as twa sei dokter" sei Teun. "Is der neat mear oan te dwaan?" frege Jan. "Jawol, der binne allegearre pillen en kueren en bestrielingen" sei Teun. "No, wêrom dan noch mar twa moanne?" frege Jan. "Ik wol net meidwaan oan dy foltering dy't sy "genêskunde" nimme. Jan, do hast lykas my, in berch yn it fjild west. Do hast ek sjoen hoecht in biddende wikel in ûnbetochte mûs snipt, hoecht in grauwe snoek dy skattige einepiken mei ien gjalp ferdwine lit. Hoecht de see earn mei in elegante dûk in tsjokke fisk der útklaut. Libje is ek stjerre, dat is de natuer. Ik bin fiifensantich en no is it myn tiid. Men tinkt tsjintwurdich mar dat elkenien hûndert wurde moat. Ik bin al krakkemikkig, dat hast sels sjoen. Do moast my al yn de skou helpe. It kin fanôf hjir allinnich mar minder wurde. It is goed Jan, ik bin der klear foar." "Sa tink ik der sels eins ek oer" sei Jan, "De moderne wrâld hat de minske wiismakke dat der in ideale takomst is wêr oft wy allegear, omjûn troch ús leafden, yn ús sliep dizze wrâld ferlitte meie. Mar it libben is fanôf de berte in gefjocht tsjin de oankomst fan de dea. Al it libben hat sa'n libbenstier om't it earne wit dat de dea elk momint harren út de wrâld plôkje kin. In ein krijt sa'n soarte piken om't de ein wit dat de snoek der in protsje fan opfrette sil. Dit is de kring fan it libben wer oft ik faak oer neitink." "Dat seist moai Jan, ik wol ek gjin fanfare mei djoere kisten en kofje mei cake. It leafst smiten se myn lyk hjir mar yn de reiden ûnder it genot fan in slokje. Dat kin foar de famylje net, mar deagean is gjin feest wurdich. It is simpelwei it weromjaan fan dat watst fan de natuer krige hast. Sa sil myn fleis fergean en myn bonken ferstofje en wer opnaam wurde yn de kring fan it libben. Ik haw in goed libben hân, in fijne frou en prachtige bern. Ik haw in soarte jage en fiske en mei sulke snotbongels as dy op paad west." Teun lake frij út. "No net mear yn de mineur, wy hawwe hjir deftich servys foar de kofje, dat wy moatte ús in bytsje op stand hâlde." "Sa is't" sei Jan.

Dy dei skeat Teun syn letste dûblet skiere guozzen. Hy is thús stoarn sûnder al te folle pine. Syn lichem is net yn de reiden smiten, mar bedobbe op in natuer begraafplak. Gjin stien, gjin fanfare, mar wat moaie wurden fan syn frou en bern. Ek Jan mocht in sechje dwaan:

"Mei eltse goes en eltse ein dy't theus sketten hat, kaam by Teun ek it besef dat ea syn tiid ek komme soe. Teun wie in kenner fan de natuer en fielde himsels wier in diel der fan. Wie hienen gjin better plakje foar him fine kinne dan hjir yn de bosk, tusken de bisten wêr't hy sa fa hâlden hat. No giet hy nei de ivige jachtfjilden en ik sil him bot misse. Ik haw syn porsleinen kopkes mei goude rantsje oerkrige, en ik hâld de tradysje yn eare troch op stand kofje te drinken, want niks wêze is slim, mar niks lykje noch folle slimmer."  

Fryske Filosoof © Alle rechten voorbehouden 2019
Mogelijk gemaakt door Webnode
Maak een gratis website. Deze website werd gemaakt met Webnode. Maak jouw eigen website vandaag nog gratis! Begin