Dreamen fan Yggdrasil

11-07-2024
Yn myn siel brânt in fjoer
In langstme, in wuolje yn klamme dream
Yn jachtige nachten, it giet net oer
spiel ik alhiel ûnder yn de stream

Myn hert bokt en slacht yn myn boarst
Myn hannen rikke nei de skiere loft
It is it brûzen fan it bloed dat perfoarst
streame wol, it is sa mak al sa'n skoft

Yn myn dream sjuch ik se stoarje
myn foaralden dy't sa drôvich binne
dat harren eare en bloed sa toarje
en wy net mear it rjochte paad rinne

Ik sjoch de hillige beam mei machtige kroan
mar it grien wol net risselje en hinget slop
De tokken kroane mei in drôvige toan
De stamme dochs fol mei it krêftige sop

Ik gryp de lekkens fan myn bêd yn eangst
It kâlde switten brekt my út
de bonken rilje en myn siel jout betinkst
dwiljend en roljend raas ik it út

Sil de beam ferstjerre en teneate?
sille de blêden toarje en falle?
Sil de ierde de woartels gean litte?
Sil dit slomme folk it allegear ferballe?

It bloed yn myn ieren jaget my op
mei geweld brûst it troch myn hert
It raast "stean dan dochs op!"
Fjochtsje! It is dochs net te let!

Ik doch myn eagen iepen en sjoch
fan de sinnegod it bylkjend ljocht
en betink my dan helder en troch
dat dat it bloed wer streame docht

In minske is neat sûnder folk en beam
It bloed moat brûze en siede
It is fan it folk de hillige stream
it libben moatte wy it biede
Fryske Filosoof © Alle rechten voorbehouden 2019
Mogelijk gemaakt door Webnode
Maak een gratis website. Deze website werd gemaakt met Webnode. Maak jouw eigen website vandaag nog gratis! Begin