Flinter
17-12-2019

Al wat skientme is,
is te fynen yn it heimige libben fan de flinter.
Frij twirlje op'e wyn.
Sa sierlik en sa súver
dochs tagelyks sa kwetsber.
In fergonklike flikkering,
in momint fan pynlike iepenbiering,
fan yn'e djipte tûmelje.
Yn'e flechtigens befange wurde troch de eigen stjerlikens.
Oangrype troch de prangjende libbenstier fan de flinter,
dy't allinnich tsjin de wrâld en har tsjusterens fjochtet.
In flits, in risseling,
en deryn al wat skientme is.