Frije Friezen

Nea yn de skiednis fan it minskdom, hat in folk harrensels frijwillich de keatlings fan de macht omlein. Nea yn de skiednis is in folk frijwillich troch de knibbels gong en hat it de safolste ambisjeuze despoat frege harren te kneveljen en swijsume ûnderwerping foar te stean. Nea hat in kening syn ryk ferkrige troch it liuwen fan it folk yn syn grutminskelikhyt en syn ûnfeilbere moreel karakter. Macht is altyd oer de minsken lein neidat it mei bloed en geweld fan harren ôfnaam wie. En yn dy seldsume kear dat it net mei geweld oan it folk ûntfutsele wie, hawwe de machthawwers de macht mei brút geweld hâlden wold.
Wy steane no as Frysk folk net mear foar de fraach "wa sit der op de troan?", mar "wêrom is der in troan?". It is net needsaaklik dat der guon op in troan sitte dy't immen jo lieuwe litte better te witten hoecht jo jo jild útjaan moatte dan dat jo sels dat kinne. In belêsting heffende steat is yn it djipst fan syn wêzen ymmoreel. Sa in steat sil altyd publyk jild útjaan oan saken wêr oft der grif in protte minsken binne yn de mienskip dy 't it dêr hielendal net oan útjaan wolle, bygelyks de oarloch yn de Oekraïne. Of it jout de belêsting opbringste fan sekuliere minsken út oan kristlike skoallen en oarsom. It jout subsydzje oan moderne keunst wêr oft de gewoane man net in sek om jout. It jout subsydzje oan de boeren wêr oft de feganisten it net mei iens binne. En sa binne der tefolle foarbylden om op te neamen.
Wy steane no as folk ek foar de fraach hoecht wy de macht opbrekke kinne sûnder dêrby stjoerleas te reitsjen. Der blyn yn fege en de "gezalfde bestuurders" nei hûs te kneppeljen komt neat goeds fan. Der hat yn 'e skiednis eins net in revolúsje west wêr oft net ienselde soart ûnderdrukking wer útkaam. As der in fakuüm ûntstiet yn de macht, dan stapt der wol wer in opportunist yn dy't ek graach efkes mei de macht boartsje wol. It is dus saak dy macht te brekken en te ferdiele oer safolle mooglik minsken. De macht moat desintralisearre wurde.
Tagelyk mei dit proses moat der folle mear oan dien wurde om de Fryske taal en de Fryske kultuer te behâlden en waaksje te litten. SÛNDER FRYSK GJIN FRYSLAN, BLIKSUM. Wy moatte mei alle middels dy 't wy krije kinne foarkomme dat de siikmeitsjende feringelsking en ferhollânsking fan it Frysk sich trochset. Op Yslân hawwe de minsken in taalkommisje dy't foar alle neie útfinings in nei Yslânsk wurd betinkt en de taal libbendich hâld. Sy kinne dêrtroch noch âlde Viking teksten lêze fan mear as 1000 jier âld. By ús waard doe noch hielendal gjin Frysk praat, lit stean in Frysk dat liket op wat wy no brûke.
Der binne in protte "gelearden" dy 't jo wiismeitsje wolle dat in folk net bestiet, dat it definiearen fan in folk as it definiearen fan in drip yn de oseaan is. Dat in folk in floeiber ûnfetber abstrakt is. Dit is diels wier, in folk is yn ferskate tiden mei oare gefoelens en ferhalen te tsjutten. Mar yn it heden, it ienige echte momint dat wy hawwe, is in folk in samling fan gefoel, ferhalen, ferskes, dieden, fertriet en leafde. Grif sit der yn de taal en de ferhalen de woartels wêr oft it folk harren oan fêst hâld. De leafde foar de memmetaal en yn wat foar mate dy te finen is ûnder it folk, jout suver oan hoecht it stelt is mei dy ferhalen, ferskes, dieden en it gefoel Frysk te wêzen.
It lânskip is, nei de taal, it wichtichste foar de foarming fan in folk. De geografyske situaasje bepaalt foar in hiel grut part wat foar wurk de minsken dieden en wat foar eros, logos en ethos (*) oft sy hienen. It lân wêrop it folk libbet jout harren woartels. De skiednis, de ferhalen en de muzyk. It binne dingen dy 't de minsken in gefoel fan thús jouwe. Yn de immen oan it libben klauwende gaos fan it bestean, giet de geast kopke ûnder as der neat is om jo oan fêst te hâlden en it tahearren oan in folk jout dat hâldfêst. Dit skept foar de mienskip in swiere ferantwurdlikens om foar de minsken fan it folk te soarchjen. Net sasear mei stoflike behoeften, mar mei it heechhâlden fan de waarden en idealen dy 't it folk hat en It fêsthâlden oan in sterk idee fan de identiteit fan it folk.
Dêrom moat der op de Fryske skoallen net allinnich in suterich healoerke Frysk joegen wurde, mar moat der ek Fryske skiednis ûnderwizen wurde en as it ware "Lânskipsbesef". De nammen fan ús foarâlden klinke troch yn de plaknammen en streken fan ús prachtige provinsje. En de plakken en streken binne ûnskiedber mei it folk ferweven. In folk moat witte fan harren woartels, fan harren ferhalen. Oars is it neat oars as in drûge samling minsken dy 't neat dielt en neat drage kin yn minne tiden. "Ja mar, Sietze, dat is dochs hielendal net ynklusyf foar ús Nederlansk sprekkende meiminsken?" Dat roppe allinnich minsken dy 't it koosjer fine dat hju harrensels de ôfgrûn yn fasiliteare. Elkenien is wolkom om by ús yn de provinsje te wenjen. Mar de provinsje hyt Fryslân en is it thús fan de Friezen. Yn wat foar foarm wy ús bestjoer ek ynrichte wolle, de Fryske identiteit moat foarop stean. It ferklearjen fan in Fij Fryslân dat net op it earste plak Frysk is, is in flop. Der binne alve oare povinsjes wer ast net-Frysk wêze kinst, en der is mar ien wêr ast wol Frysk wêze kinst. De provisje wêr oft de minsken jo ferstean. Net allinnich de wurden dy 't jo útsprekke, mar foaral de dingen dy 't jo net útsprekke.
Yn dizze tiden mei de immen lûder wurdende rop om "diversiteit", is it tiid dat alle streektalen en alle folken yn Nederlân harren op 'e nei festigje en delsette. Der is in prachtich ferskaat oan folken en talen yn Nederlân. Dat is oprjocht ferskaat, net dy "pseudo-diversiteit" van in protte minsken mei ferskate kleuren en dy 't allegear itselde tinke. Dy 't immen fierder opgean yn in foarmleas wrâldsk gehiel. De lauwere en bewierrookte kosmopolyt, de generieke útwisselbare minsk. Nimmen in fêst stee, gjin inkel idee fan harren foarâlden en dêrmei immen driuwende op it swerk fan de wispeltuerige aard fan it minskdom.
* ast net witst wat eros, logos en ethos betsjut dan pakst fergeme in wurdboek of giest op google.