Frya's Namme

10-09-2024
Stil stean ik op it strân
Mei myn swurd yn de hân
Koel streamt it wetter
Ik fiel it en wit net better
Dan ûnheil komt nei ús lân

Oer de hoarizon, de wolven janke
De stjerren swije en ik siz danke
Foar it tij dat west hat
En ik wit perfoarst dat
It oars wurdt foar myn jonge en famke

Yn it tsjuster krûpe de njirren
Dy't no al lange hjirren
Wachtsje op harren momint
Wêr harren gif de ieren fynt
Yn de iepen blierren

As ekters loere sy op us guod
mannich rykdom is al fuort
Nei de skymmen yn it bosk
Sy rôve mei klauw en tosk
En liege en sweare ek sa bot

Dochs sil it ljocht fan Frya ús bringe
Nei in wrâld wer oft dyjinge
Wier bliuwe oan de geast fan Wralda
En striede sil oant de dea ta
En oan harren lot neat ôftinge

It tsjuster sille wy ferbanne
Mei swurd as bleate hânnen
Sa dat allinnich Frya's namme
Klinke sil en benammen
Hillich wêze sil yn de Fryske lannen.
Fryske Filosoof © Alle rechten voorbehouden 2019
Mogelijk gemaakt door Webnode
Maak een gratis website. Deze website werd gemaakt met Webnode. Maak jouw eigen website vandaag nog gratis! Begin