Frysk Hert

01-10-2023
Wat is in minsk sûnder sûn hert tusken de ribben,
oars net as swalkjende yn it libben?
Hat net in minske fan woartels ûntdien,
in kâld hert fan stien?

Is hy dy't nearne rjochting fynt,
net sykjende wer it ljocht net skynt?
Is de minsk yn syn kommen en gean,
net bûn om yn it ljocht fan de stjerren te stean?

Is net in minske sûnder neiteam,
neat mear as in drûchfallen stream?
Wêr oft iensume triennen
gjin libben ûntlûke oan de stiennen?

Is net in minske sûnder trochgeand bloed,
in minske yn djippe noed?
Sûnder it fjurrich hert dat slacht en bokt
ta immen riljen ferflokt?

Is net hy fan syn folk ferstutsen
Beheind en brutsen?
Sûnder grûn in skelm yn de wyn,
foar it fjoer alhiel blyn?

Is net it folk dat harren taleit op it heechste,
net master oer it leechste?
En wêr oft de taal libbet en floeit
in folk dat yn de wrâld waakst en bloeit?

In folk dat harren wjukken útslacht en fljocht
sil immen heger gean nei it ljocht.
In folk dat it fjoer út lit gean
sil immen ris yn it grêf stean.

Hark dus nei it Fryske hert dat sjongt
dat krêft jout en ferjonget.
Jou it romte en lit it slaan,
it sil nimmen belies jaan.
Share