Hel
01-10-2023

Hja dy 't fan it paad ôf reitsje
Sil de dea net smeitsje
Hja dy 't skûlje yn it tsjuster
Immen ferlern en it paad bjuster
Hja dy 't sykje yn it ierdske guod
Swalkje fan de skepper fuort
Wurde troch 'skeppings ljocht net berikke
En sille immen om de hongerige bek slikke
Pleage troch langstme net te stillen
Yn plak fan harrensels heger te tillen
Sûnder eare krûpe, as bargen ek
Lyts en op 'e knibbels yn de drek
Sy binne it doel fergetten,
Sêd mei drank en fretten
In leech en fergriemd bestean
Hja sille hongerich hinne gean
Gjin miel kin sêdzje in siel fan ljocht ferstutsen
Gjin wiisheid toane in geast út de drek lutsen
Hja dy 't de eagen immen bedutsen litte
Sille nea 'skeppings wiere witten witte
Nimmen it lied hearre dat de skepping dielt
Nimmen witte hoecht it fielt
Om mei de hiele siel yn it ljocht te stean
Fan de wiisheid en ferljochte dea te gean
Sûnder it ljocht fan de skepping giet de minsk immen del
In libben sûnder 'skeppings ljocht, is wierlik in hel