Dielde Dream
06-06-2023

Ús paad in dielde dream
Ús bloed in súvere stream
Ús eare om foar te stribjen
Ús bern om foar te libjen
Ús lân mei de hân út de see beret
In folk fan frijdom san ferlet
Sribbet immen tsjin it wetter en de wyn
en toant al stribjende harren siel deryn
In folk mei woartels yn de grûn
en troch ús Fryske skiednis bûn
sprekt de taal en sjongt de sang
en is foar dea noch dúvel bang
It hert fan ús folk klinkt yn alle herten troch
hark de tsjokke slagen en sjoch
oan de hymel it bylkjende ljocht
dat ús paad opljochtsje docht
Lit eltse ferlerne siel
stype fyne en alhiel
hele yn de hillige stream
fan ús dielde dream