Lân Efter Dyken
01-10-2023

Lân efter dyken.
Lân ûnder see.
Folk fan klaai en wâlden
wês net sa gedwee.
Wol net mear bûge.
Wol gjin belies mear jaan.
Yn it opskuor fan de tiid
hear ik myn hert grif fûler slaan.
Ik wol raze, oer de eare fan ús âlden.
Ik wol trochklinke yn de tiid.
Ik wol my sels ferlieze
yn it fjoer en yn de striid.
Net fan skûlje en fan bangens
wolle grutte herten sprekke.
It bloed rint net yn ieren
fan tongen dy't harren ferbrekke.
Hear dan nei ús hert
hoecht it yn de djipte slacht.
Klear om it folk te betsjinjen
fan syn eare en syn kracht.
In folk sûnder eare
is in samling deaden op'e foet
In kloft kadavers
sûnder stim, sûnder lûd
Klink dan en daverje
Fier yn it rûn.
Dyn âlde eare,
oh Fryske grûn.

