Somtiden
05-10-2025

Somtiden, binne de loften belutsen
en de siel mei in tsjuster bedutsen
dan is it krekt oft der gjin ljocht mear skynt
en in iensume swierte myn herte fynt
Dan leit it libben my swier op it gemoed
en dan krûpt de kjeld my yn it bloed
dan freechje ik mysels "wat is de sin?"
en wit ik net oft ik it noch drage kin
En dan just foardat ik mei fertriet oerspiel
en ik de hjitte triennen brâne fiel
dan fynt de skepping altyd in wûndere wize
om de sinne skine te litte troch de dize
Dan falt der immen in inkele heldere sinnestriel
troch de grouwens dy't de wrâld bedekt alhiel
en yn it ljocht fljucht in flinter, sa frij en sa optein
en troch dat bistje wurdt my dan foarsichtich útlein
Dat sels in flinter it libben op har fine fleugels drage kin
en lit my samar ferjitte werom oft ik sa drôvich bin
want sels de flinter libbet it libben sa goed sy kin eltse dei
en sy draacht sa weardich har skjintme mei har mei

