Wat Sille Wy No Dwaan?
01-10-2023

Wat sille wy no dwaan?
Wat is der noch te jaan?
Oars neat as krûmels en jiske?
Wat falt dêr noch te rêden?
Mei stobben en deade blêden?
De grouwste fisk al fuortfiske?
Wa gean der wer op bêd
Mei it liif rûn en sêd?
Want wy hawwe it dochs sa goed?
Want it docht dochs gjin kwea
As ik oant myn dea
My net bekommerje om ús bloed?
Sy hawwe gjin eare yn de lear
Steane op'e woartels dea
Hja dy' t nea mear fjochtsje
Mar hy waakset troch en troch
Dy' t leauwt yn en kin fyne noch
In flutsje hoop by it ljochtsje
In folk wurdt neat ferbean
Wêr oft de minsken tegearre stean
Sil net bûge, sil net brekke
Tsjin de siike ideeën fan de tiid
Smyte wy ús eare yn de striid
En smyte de keatlings fan de nekke
Hear nei it fjoer yn dy sels
Sa fûl en sa hels
Hark! Oant datst wol barste kinst!
Dast wolst houwe en te liif
Fan ús eare de leffe dief
En foar ús op it júste pad rinst
Hear nei de âlden yn ús taal
Dat net te dwaan is banaal
Sy sprekke ús immen ta
Pas as de sinne ûnder giet
En ús foar immen ferlit
Sil it fryske folk gjin takomst mear ha(wwe)